Undersyk tsjin heit Jasper S.

Aldwâld © ANP
Der rint in plysje-ûndersyk tsjin de heit (77) fan Jasper S., de moardner fan Marianne Vaatstra. De heit, dy't yn Aldwâld wennet, soe ein oktober besocht hawwe om in frou út it doarp 'op ontoelaatbare manier fysiek te benaderen', sa lit de plysje witte. De man en frou binne goede bekenden fan inoar. De frou lit witte dat sy it tige ferfelend fynt en dat sy hiel graach de kwestje achter har litte wol.
De frou docht ek gjin oanjefte. De plysje sil op grûn fan petearen mei belutsenen ûndersykje wat der no krekt bard is.