Gjin auto's mear nei De Burd

De pont nei De Burd ferfiert fan tongersdeitemiddei ôf gjin auto's mear. Dat komt omdat er troch it iis yn it Prinses Margriet-kanaal net mear oanlizze kin op it fêste plak. Foar kuierders en fytsers is in alternatyf oanlisplak betocht, dy kinne dêrtroch noch wol oerset wurde.
Mochten yn gefal fan need helptsjinten nei De Burd moatte, dan is dat neffens de gemeente Boarnsterhim wol mooglik.