'Sâltmoasje is fral symbolyk'

20 nov 2013 - 12:55

In mearderheid fan de Twadde Keamer hat tiisdei op foarstel fan de PvdA in moasje oannaam oer de sâltwinning ûnder it Waad. Neffens dy moasje moat it regear gjin natoerwetfergunning ôfjaan as der ek mar twivele wurdt oer de skea oan de natoer. Neffens wurdfierder Alje Zandt fan Natuurmonumenten hat de moasje foaral symboalyske wearde omdat de natoerwet eins al itselde seit.

Minister Kamp fynt dat sâltwinning mooglik is as je mar ophâlde wannear't der skea driget. Neffens Natuurmonumenten wurket dat net omdat it boaiemsakjen dan trochgiet.

De natoerbehearder fiert kampanje tsjin de plannen foar sâltwinning op it Waad yn gearwurking mei de Fûgelbeskerming en de Waadferiening.

Trefwurden: 
Waadsee sâltwinning moasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)