Mûzels op basisskoalle W'werf

Op basisskoalle Matthijsje yn Easterstreek (Weststellingwerf) is mûzels konstatearre. In tal learlingen, learkrêften en famyljeleden binne siik. Yn ien gefal binne mûzels fêststeld. Fanwege de lanlike mûzels-epidemy tinkt de GGD dat de oaren ek de mûzels hawwe. Ien fan de belutsen persoanen is net of net folslein tsjin de sykte yninte.
De GGD biedt minsken dy't net folslein yninte binne en yntinsyf kontakt hawwe mei de de siken in yninting oan. De mûzels wurde feroarsake troch in firus en wurde oerbrocht troch praten, hoastjen en prûsten.
Elk dy't net goed yninte is en de sykte noch net hân hat, rint it risiko om de mûzels te krijen. Minsken kinne inoar besmette twa dagen foardat de flekjes ferskine oant fiif dagen neidat de hûdútslach begûn is.