Grendel wint twa Game Awards

It Ljouwerter game-bedriuw Grendel hat tiisdeitejûn twa belangrike prizen wûn. Op de jierlikse Dutch Game Awards yn Amsterdam wûnen de Ljouwerters in priis yn de kategory Best Applied Game Design en de Best Serious Game, beide foar de serious game 'Underground'. De prizen wurde takend troch in faksjuery. By Grendel Games, dat húsfeste is yn De Blokhúspoarte, wurkje acht minsken.
Neist rekreative spultsjes wurde der ek simulaasjes ûntwikkele dy't brûkt wurde foar de medyske sektor. Ek foar it oefenjen fan it Frysk hat Grendel in game makke.
De laparoskopy trainingsgame 'Underground' wie yn trije kategoryen nominearre: Best Serious Game, Best Applied Game Design en Best Music & Audio Design. It wie dêrmei de earste 'serious game' ea, dy't dat foarmekoar krige.