Mear belesting boateigeners

20 nov 2013 - 10:25

Eigeners fan boaten dy in fêst lisplak hiere yn de gemeente Súdwest-Fryslân, binne takom jier djoerder út. Se moatte mear toeristebelesting betelje. Dat hat it kolleezje fan b. en w. tiisdei besletten. De gemeenteried moat der noch wol oer gear.

De toeristebelesting op steancaravans en fakânsjewenten giet wat omleech. De ferskillen tusken beide wie neffens b. en w. sa grut, dat der gjin sprake mear wie fan in earlike situaasje. Neffens wethâlder Offinga kostet de ferheging in trochsneed boateigener in pear tientsjes yn it jier.

Offinga is dan ek net benaud dat boateigeners fanwege dizze maatregel ferdwine nei bygelyks Medemblik of De Lemmer. De havens fan Súdwest-Fryslân binne nei de oanpassing fan it taryf noch hieltyd goedkeaper as oare havens om de Iselmar hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)