RTL: Ljouwert min by Citotoets

19 nov 2013 - 18:59

Ljouwert heart neffens RTL Nieuws by de gemeenten dêr't bern it minst skoare op de Citotoets. Ut de sifers oer 2013 soe blike dat gemiddeld in 6,5 helle waard yn Ljouwert. Dat is krekt in tsiende punt heger as Hardenberg, de gemeente dêr't lanlik sjoen it minst skoard waard. Neist Ljouwert komt ek Kampen op in 6,5 út.

Yn de gemeente Stichtse Vecht waard de heechste skoare helle. Dêr kamen bern gemiddeld út op in 7,47. Yn septimber kaam RTL mei sifers út 2012. Doe hearde Skiermûntseach by de minste gemeenten en Ljouwerteradiel by de bêste.

Basisskoalle De Twilling yn Stiens wie doe neffens RTL sels de bêste fan Nederlân. Letter waard dat ynlutsen, omdat de omrop flaters makke hie by de beoardieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)