JSF: Jacobi stimt tsjin

19 nov 2013 - 17:14

Lutz Jacobi wie tiisdei it iennichste fraksjelid fan de PvdA dy't tsjin it keapjen fan de Joint Strike Fighter JSF stimde. De rest fan de fraksje hie neffens Jacobi wol 'begrip' foar har stânpunt. Ek fraksjefoarsitter Diederik Samsom hie der gjin probleem mei.

Jacobi stimde tsjin omdat it neffens har noch hieltiten net dúdlik is hoefolle leven it Amerikaanske tastel krekt produsearret. D66 tsjinne tiisdei in moasje yn om it beslút oer de JSF foarearst út te stellen. Jacobi stimde as iennichste fan har partij foar dy moasje.

De JSF sil ek fan de fleanbasis Ljouwert ôf fleane. Jacobi wol pas grien ljocht jaan foar it keapjen fan it tastel as de risiko's oangeande it leven dat de JSF makket krekt bekend binne. De tsjinstim fan Jacobi hie gjin politike gefolgen, omdat njonken de koälysje ek it CDA en de SGP foar it keapjen fan de JSF binne.

Trefwurden: 
PvdA Lutz Jacobi JSF leven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)