Ljouwert keapet grûn by Heak

Heak om Ljouwert © Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert nimt trije stikken grûn oer fan de provinsje Fryslân. It giet om greiden dy't troch de provinsje oankocht binne foar de oanlis fan de Heak om Ljouwert, mar dy't net nedich binne. De gemeente betellet de provinsje der hast 250.000 euro foar.
De grûn sil brûkt wurde foar de útwreiding fan bedriuweterrein Newtonpark.