Cambuur nei Portugal

SC Cambuur © Omrop Fryslân
SC Cambuur giet yn de winterstop op trainingskamp nei Portugal. Fan 3 oant en mei 9 jannewaris riedt de ploech fan trainer Dwight Lodeweges him dêr ta op de twadde kompetysjehelte. Cambuur ferbliuwt dy dagen yn Albufeira, yn de Algarve.
It is de bedoeling dat der ek in tal oefenwedstriden spile wurde sille. De tsjinstanners binne op dit stuit noch net bekend.