F-16 makket needlâning
In F-16 fan de fleanbasis Ljouwert hat tiisdeitemiddei in needlâning makke. It tastel krige motorproblemen en waard sadwaande nei de basis weromhelle. Dêr waarden de gebrûklike foarsoarchsmaatregels nommen. Sa stie ûnder oare de brânwacht klear.
Uteinlik blykte dat net nedich. De F-16 kaam sûnder problemen oan de grûn.