Festival-oanrander oppakt

De plysje fertinkt in 27-jierrige Snitser fan it lestich fallen fan pisjende froulju op festivals. De man soe dit ûnder oare dien hawwe op Lowlands, op de Snitswike en op de Fiskerijdagen yn Harns. In tsiental froulju hat yntusken oanjefte dien tsjin de man.
De plysje tinkt lykwols dat der mear slachtoffers binne. Sy wurde oproppen om harren te melden. De man is ôfrûne sneon oanhâlden.