Aksje by AH en Lidl Frjentsjer

19 nov 2013 - 14:14

By de feestlike iepening fan de nije Lidl en Albert Heijn yn Frjentsjer wurdt fan 'e middei aksjefierd foar in nije CAO. De ûnderhannelings oer in nije CAO sitte sûnt oktober hielendal fêst. Leden fan fakbûn FNV freegje dêrom stipe fan de klanten.

De fakbûnen wolle in goed lean foar supermerkmeiwurkers en itselde lean foar itselde wurk. Joosje de Lang fan fakbûn FNV tinkt dat de klanten wol begrip hawwe sille foar de aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)