Ljouwert net aktueel op Google

Wa't mei Google Streetview sjen wol hoe't it Wilhelminaplein der by leit, sjocht op dit stuit noch gjin Fries Museum of oare nijbou. De gemeente Ljouwert fynt it spitich dat de situaasje online net aktueel is, mar kin dêr neat oan feroarje, om't it in tsjinst fan Google is dy't net regelmjittich byholden wurdt.
Parsefoarljochter Hedzer Klarenbeek seit dat de gemeente in mail nei Google stjoere sil om har der op te wizen dat de situaasje efterhelle is. Klarenbeek ferwachtet allinnich net dat Google op koarte termyn aksje ûndernimme sil.
Google makket spoaradysk nije bylden, mar biedt wol de mooglikheid om sels panoramafoto's te meitsjen en op te stjoeren. De gemeente Ljouwert wol de stêd yn ferbân mei de útferkiezing ta Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018 graach goed presintearje, mar sil benammen ynvestearje yn har eigen mediakanalen en net yn bydragen oan Google Streetview. De kosten dêrfan weagje net op tsjin de foardielen, sa is de gemeente fan betinken.