Sikehuzen spesjalisearje har

Fryske sikehuzen spesjalisearje har: dat is bepaald yn de nije kontrakten mei soarchfersekerder De Friesland. Mei trije sikehuzen binne nije kontrakten sletten: It Antonius yn Snits, Nij Smellinghe yn Drachten en De Sionsberg yn Dokkum. Dêryn is ôfpraat dat de sikehuzen har spesjalisearje. Bygelyks knibbeloperaasjes yn Drachten, eachoperaasjes yn Snits en ljiskbreuken yn Dokkum.
Dochs bliuwt De Friesland it fergoedzjen, as klanten foar guon operaasjes in oar sikehûs kieze. Mei sikehuzen MCL en De Tjongerschans wurdt noch ûnderhannele.
By it MCL giet it om miljoene-ynvestearrings dy't fan dizze kontrakten ôfhingje. It giet dan om nije operaasjekeamers en de útwreiding fan it hertsintrum.