Jesper Hospes wint Nijlemmer

01 feb 2012 - 23:54

Jesper Hospes hat woansdeitejûn de earste koartebaanwedstriid fan it seizoen wûn. De sprinter fan It Hearrenfean wie yn Nijlemmer de bêste út in list fan 35 dielnimmers. Hospes, de regearend Nederlânsk kampioen koartebaan, rekkene yn in drege finale ôf mei Allard Neijmeijer fan Grins.

Jeljer Haarsma fan Sleat waard tredde, Freddy Wennemars fan Dalfsen fjirde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)