Accell jout 'winstwarskôging'

19 nov 2013 - 10:53

Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean hat tiisdei in winstwarskôging ôfjûn. De warskôging hâldt yn dat de winst fan it bedriuw oer 2013 in stik leger wêze sil as oer 2012. De kâlde en wiete maaitiid fan 2013 is neffens René Takens fan Accell de wichtichste oarsaak fan it legere bedriuwsresultaat. It is Accell dit jier net slagge om nei de minne maaitiid in ynhelslach te meitsjen.

Accell hat letter fytsen mei koarting ferkocht om te foarkommen dat it bedriuw mei tefolle fytsen sitten bliuwt. Troch de koarting falt de winst leger út.

'In wiete maaitiid is foar in fytsefabrikant hast net mear yn te heljen', seit topman René Takens fan Accell. Foar de wat langere termyn sjocht de fytsemerk der neffens him wol goed út. Benammen nei elektryske fytsen en sportfytsen is behoarlik wat fraach. Accell koe tiisdei noch net oanjaan hoefolle winst it bedriuw dit jier krekt ferwachtet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)