Kâns op ûndernimmerspriis

19 nov 2013 - 10:33

Twa Fryske bedriuwen nimme it tiisdeitejûn op tsjin twa Grinslanner en twa Drintske ûndernimmings foar de titel Jonge Undernimmer fan it Noarden 2013. BSO Sport en Cultuur út Drachten en útstjoerburo Werff Talent fan It Hearrenfean meitsje kâns op de titel. De priis wurdt al sûnt 2003 útrikt en is al in pear kear yn Fryslân fallen.

Sa krigen ûnder oare kofjeketen Doppio, thússoarchorganisaasje Helping Hands en de Nelleke Mulder imagogroep de priis. De titel smyt jonge ûndernimmers benammen in soad nije kontakten en publisiteit op.

De twa Fryske gadingmakkers binne beide jonge froulike ûndernimmers. Janneke Plantinga hat in berne-opfang mei 12 lokaasjes yn en om Drachten. Marij van der Werff fan It Hearrenfean hat in útstjoerburo yn de transportsektor mei 2000 klanten. Beide ha se harren pitch foar de sjuery jûn goed oefene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)