VVV selektearret frijwilligers

De VVV yn Ljouwert hat goed 50 reaksjes hân op har oprop foar frijwilligers. It tal besikers fan de stêd is de lêste tiid sa bot tanaam dat it personiel fan de toeriste-organisaasje it net mear oan kin. Neffens de VVV is de goeie promoasje fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa de oarsaak fan de drokte.
Ek de iepening fan it Fries Museum en it Glêzen Hûs soargje foar mear toeristen. De frijwilligers hawwe harren op in saneamde speeddate oan de VVV presintearre. Dy sil no in kar meitsje út it grutte oanbod fan frijwilligers.