CNV: gjin romte twa rederijen

19 nov 2013 - 07:11

Der is gjin romte foar twa rederijen dy't op Skylge en Flylân farre. Dat stiet yn in brief dy't CNV Vakmensen skreaun hat oan steatssiktaris Wilma Mansveld en oan in grut tal partijen yn de Twadde Keamer.

Oanlieding foar de brief is it debat dat de keamer ein dizze moanne fiert oer it beslút fan Mansveld om de fergunning fan de EVT yn te lûken. De steatssiktaris docht dat omdat rederij Doeksen neffens har finansjeel tefolle te leien hat. It fakbûn lûkt oan de belle omdat neffens him de wurknimmers op de fearboaten de dupe wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)