Twadde termyn Ferd Crone

Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert © ANP
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is moandeitejûn opnij beëdige. It giet om syn twadde termyn fan seis jier. Dy sjocht der troch de offisjele regels wol wat oars út as gewoanwei. Fanwege de gemeentlike weryndieling wurdt Crone op 1 jannewaris waarnimmend boargemaster. Flak dêrnei wurdt er dan wer de offisjele earste boarger.
De beëidiging waard dien troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma. It is foar it earst yn tweintich jier dat in boargemaster fan Ljouwert oan in twadde termyn begjint.