'Mailûndersyk rjochtfeardige'

18 nov 2013 - 20:46

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean hat gjin grutte flaters makke by it ûndersyk nei mailferkear fan riedsleden. Dat seit advokaat Pieter Joost Schaap, dy't yn opdracht fan de gemeente it ûndersyk besjoen hat. Wol hat boargemaster Van der Zwan in flater makke troch in amtner de opdracht te jaan om mailferkear te besjen, wylst dat troch in ekstern buro dien wurde moatten hie.

De einkonklúzje fan de advokaat is dat it ûndersyk binnen de strange grinzen fan de Wet Beskerming Persoansgegevens bleaun is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)