Van Olffen yn gemeenterie

18 nov 2013 - 19:09

Jan van Olffen komt foar Verenigd Links yn de rie fan Ljouwert. Van Olffen nimt it plak yn fan listlûker Hendrika Zoodsma, dy't al in skofke problemen mei de sûnens hat. Omdat werstel net op koarte termyn te ferwachtsjen is, sil sy har plak yn de rie net ynnimme. Jan van Olffen krige nei Zoodsma de measte foarkarstimmen. Hy nimt dêrom de sit oer. Addy Stoker, de nûmer twa op de kandidatelist, sil Van Olffen helpe by it útfieren fan it wurk.

Verenigd Links helle by de ferkiezings fan ferline wike ien sit yn de Ljouwerter rie.

Van Olffen siet earder jierrenlang foar de PvdA yn de Ljouwerter rie, mar stapte út dy partij doe't dy him net mear op de kieslist sette woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)