Soarchkontrakten ôfsletten

Gebou fan De Friesland yn Ljouwert
Soarchfersekerder De Friesland hat mei trije sikehuzen yn Fryslân soarchkontrakten foar 2014 ôfsletten. It giet om it Antonius yn Snits, Nij Smellinghe yn Drachten en De Sionsberg yn Dokkum. Yn de kontrakten wurdt regele hokker soarch De Friesland fan de sikehuzen ôfnimt. Ek is der ôfpraat dat de trije har fierder spesjalisearje. De Sionsberg sil bygelyks mear ljiskbreuken behannelje, yn it Antonius wurde mear eachoperaasjes dien en Nij Smellinghe fiert mear knibbel- en heupoperaasjes út.
Yn de soarchkontrakten wurdt ek regele watfoar rol húsartsen by behannelingen hawwe.