Eksperimint hûnestront D'diel

18 nov 2013 - 16:36

In eksperimint yn trije doarpen yn Dongeradiel tsjin hûnestront hat effekt. Dat seit de gemeente. Yn Wierum, Ingwierum en Ternaard binne yn gearwurking mei doarpsbelang projekten betocht. Sa binne der bakken delset foar de hûnepoep.

Ek wurde yn de doarpskrante en op de doarpswebside hûnebesitters derop wiisd dat se de oerlêst troch hûnestront safolle mooglik beheine moatte. De gemeente sels sil boppedat ek nochris ekstra kontrolearje op oerlêst troch hûnestront.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)