Harns moat WOZ ferbetterje

18 nov 2013 - 13:56

De gemeente Harns moat de útfiering fan de WOZ gau ferbetterje. Dat seit de Wurdearringskeamer dy't beoardielet oft Nederlânske gemeenten harren wol oan de
Wet Onroerende Zaken hâlde. Harns heart by in groep fan njoggen gemeenten dy't dat net dogge. As se it net gau yn oarder meitsje, kin de minister fan finânsjes yngripe.

Harns moat better kontrolearje oft de gegevens oer huzen en oare gebouwen yn oarder binne. Dêrneist soe de gemeente te gau ynstimme mei beswieren fan ynwenners oer de wearde fan ûnreplike saken.

De gemeenten Boarnsterhim, Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Súdwest-Fryslân moatte de útfiering fan de Wet Unreplike Saken ek ferbetterje, mar dêr is minder haast by.

Trefwurden: 
Harns WOZ Wet Unreplike Saken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)