Huzeferkeap lûkt wer oan

© ANP
De ferkeap fan wenningen yn Fryslân wie yn oktober goed 33 persint heger yn fergelyk mei oktober 2012. Dêrmei set de opgeande line fierder troch.
Der binne benammen mear apparteminten ferkocht. Mei-elkoar feroaren 358 wenten yn oktober fan eigener. In jier ferlyn wiene dat noch 268. Ien en oar docht bliken út sifers fan it kadaster dy't moandei publisearre binne.