'Oplossing fargeul It Amelân'

01 feb 2012 - 19:24

In bewenner fan It Amelân hat oplossings betocht foar de tichtslike fargeul tusken it eilân en Holwert. Neffens Douwe Gorter is in trochbraak fan de Piet Scheve-plaat de bêste oplossing. Dêrby moat ek in gat yn 'e âlde ferbiningsdaam ticht makke wurde. De streaming troch dat gat soarget foar it tichtslykjen fan de fargeul by de steger yn Holwert. In oare oplossing soe neffens Gorter it ferpleatsen fan dy steger wêze.

De Amelanner hat syn plannen yntusken nei syn âld-wurkjouwer Rykswettersteat stjoerd. Dy organisaasje hat noch net reagearre.

Direkteur Ger van Langen fan Rederij Wagenborg is al wol entûsjast oer de oplossings dy't Gorter betocht hat. De boat dy't de rederij tusken Holwert en It Amelân farre lit sit by leech wetter regelmjittich fêst troch de tichtslike fargeul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)