Wetterbelesting treft swimbad

Swimbaden sille mooglik takom jier de tagongsprizen ferheegje. Dat hat te krijen mei it djoerder wurden fan liedingwetter. In mearderheid yn de Twadde Keamer stipet in kabinetsplan om de belesting op liedingwetter te ferheegjen. Dêrmei hopet it kabinet mei-inoar goed 200 miljoen euro binnen te heljen.
De hegere wetterbelesting betsjut foar de swimbaden dat de wetterkosten mei tûzenen euro's omheechgean. Ien fan de mooglikheden om dy klap op te fangen is it djoerder meitsjen fan it swimbadkaartsje.