Reedriders helpe Filipinen

Sven Kramer © awfoto.nl
De reedriidpakken fan ûnder oare Sven Kramer, Ireen Wüst en Antoinette de Jong wurde moandei feild yn it ramt fan de grutte ynsammelaksje foar de slachtoffers op de Filipinen. It giet om de pakken dy't de reedriders it ôfrûne wykein oan hiene by de wedstriden yn Salt Lake City en dêr't rekôrtiden yn riden binne.
De lanlike publike omroppen, RTL en SBS hâlde moandei in aksjedei om jild yn te sammeljen. Yn it programma Tijd voor Max wurde de pakken feild, it programma is tusken healwei seizen en healwei sânen te sjen op Nederlân 2.