Goud froulju yn Salt Lake City

18 nov 2013 - 06:44

De Nederlânske froulju hawwe snein yn Salt Lake City mei in nasjonaal rekôr de ploege-achterfolging wûn. Ireen Wüst, Linda de Vries en Antoinette de Jong, dy't Lotte van Beek ferfong, klokten in tiid fan 2.56.01, mear as in sekonde flugger as de âlde toptiid út 2009. It wrâldrekôr fan Kanada dat op 2.55.79 stiet, bleau oerein. Foar Ireen Wüst wie it dit wykein it tredde nasjonale rekôr dat se op har namme sette, nei toptiden op de 1000 en 1500 meter.

It sulver gie nei Kanada en it brûns wie foar de froulju fan de Feriene Steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)