Ronald Mulder nimt rekôr oer

Michel en Ronald Mulder (argyffoto) © awfoto.nl
Ronald Mulder hat yn Salt Lake City op de twadde 500 meter it Nederlânsk rekôr fan syn twillingbroer Michel oernommen. De lêste hie it freed ôfnommen fan Jan Smeekens en set op 34.26. Ronald Mulder ried ien hûndertste rapper. De 34.25 wie goed foar sulver. De winst wie foar de Japannner Keiichiro Nagashima yn 34.24, Tae-Bum Mo fan Súd-Koreä waard tredde yn 34.28. Jesper Hospes waard tsiende yn 34.63, Jan Smeekens 16e yn 34.68.