Scheffer wint muorrekeatsen

17 nov 2013 - 17:33

It earste iepen Nederlânsk kampioenskip 'One Wall Handball' yn Frjentsjer is snein in proai wurden foar Miranda Scheffer fan Menaam. Yn de finale wûn se mei 21-12 fan de Kanadese Jessica Gawley. Ek by it dûbelspul wie Scheffer tegearre mei Marieke Beckers de bêste. Beide froulju wûnen mei 21-10 fan de Kanadeeske froulju Samantha England en Jessica Gawley.

By de manlju wie der by de dûbelpartij brûns foar Hans Wassenaar en Tjisse Steenstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)