Snits Wyt Swart thús ûnderút

17 nov 2013 - 15:58

Koprinner Snits Wyt Swart hat snein op eigen fild mei 2-0 ferlern fan Alverna. Nei 24 minuten kamen de gasten út Alverna ferrassend op foarsprong en moast de ploech fan trainer Johan Groote yn de achterfolging. Yn in minne wedstriid wisten de Snitsers lykwols net gefaarlik te wurden. Yn de 82e minut profitearre Alverna optimaal troch mei de twadde treffer dien wurk te meitsjen.

It is it twadde ferlies foar Snits Wyt Swart. Ek konkurrint De Bataven gong ûnderút tsjin FVC, wêrtroch de Snitsers koprinner bliuwe yn de sneinshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)