Muorrekeatsen yn Frjentsjer

De allerearste Dutch Open muorrekeatsen is dit wykein yn Frjentsjer hâlden. Topkeatsers út de hiele wrâld binne nei Fryslân ta kommen. Bygelyks út Frankryk, Amearika en Puerto Rico. Yn Amearika wurde iepen kampioenskippen foar muorrekeatsers al faak holden, yn Europa binne se yn opkomst.
De keatsers binne hjir bliid mei. Se keatse en traine hjirtroch faker en dêrtroch ferwachtsje se dat it nivo omheech giet. Boppedat is it goede promoasje foar it muorrekeatsen.