MijnAlbum.nl rêdt Hyves-foto's

It Jouster bedriuw MijnAlbum.nl fan De Jouwer hat mei syn appikaasje al fiif miljoen foto's fan Hyves-brûkers rêden. De webside fan Hyves hâldt yn desimber op te bestean, mar miljoenen Nederlânders hawwe it yn it ferline brûkt om berjochten en foto's te dielen mei freonen.
Dy foto's steane der no noch op, mar wa't se bewarje wol, moat de foto's foar 1 desimber fan de site ôf helje. MijnAlbum.nl hat dêr dus in applikaasje foar ûntwikkele. Tûzenen minsken hawwe dêr al gebrûk fan makke.