Dronken jonge skelt plysjes út

Plysjejas © ANP
In 19-jierrige dronken jonge is sneontenacht oanhâlden, omdat hy twa plysjeminsken beledige hat. De man woe mei in pear oaren in kafee oan it Ruterskwartier yn Ljouwert yn. Se waarden lykwols wegere, omdat ze tefolle dronken hiene.
De man klage hjiroer by de plysjeminsken dy't yn it sintrum wiene. Dat holp neat, wat de plysjes stjoerden de manlju fuort. De fertochte begong dêrop de plysjes út te skellen en te beledigjen. Hy is oanhâlden en ynsletten op it buro. De plysjeminsken hawwe oanjefte dien.