Golfklups fuort yn Frjentsjer

© ANP
Ut in garaazjeboks by in hús oan de Wijdesteeg yn Frjentsje binne sneon tusken 8.30 oere moarns en 17.30 oere middeis in golftas en golfklups stellen. It wie sneon drok yn de stêd yn ferbân mei de yntocht fan Sinteklaas, de plysje tinkt dan ek dat ien mei dizze attributen wol opfallen is.
Wa't wat sjoen hat wurdt frege de plysje te beljen op 0900-8844 of 0800-7000.