Fernielerij yn Frjentsjer

17 nov 2013 - 12:25

De plysje hat yn Frjentsjer yn de nacht fan sneon op snein trije jonges oanhâlden foar fernielings op de Harnzerwei. In tsjûge hie de plysje belle.

Op de Harnzerwei waard in fernield plattegrûnsboerd oantroffen en stikkene markearingspeallen. Der wie ek fjoer makke yn de berm. De jonges fan 17 en 18 jier binne yn de sel setten.

Trefwurden: 
Frjentsjer fernielerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)