Rúzjemakkers yn Oerterp

17 nov 2013 - 12:12

De plysje ûndersiket in foarfal tusken trije jonges en in 29-jierrige ynwenner sneontejûn yn Oerterp. De man soe neffens de jonges mei opsetsin op harren ynriden wêze. De man ûntkent dit.

De trije jonges fytsten op de Weibuorren doe't de man harren ynhelle. In 15-jierrige jonge waard troch de auto rekke. Hy foel, mar rekke dêrby net ferwûne. Der binne al langer problemen tusken de jonges en de man. De man is frijwillich meigien nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
rûzje Oerterp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)