LDODK ferliest yn slotfaze

17 nov 2013 - 00:43

De kuorballers fan LDODK ha de thúswedstryd tsjin lânskampioen PKC út Papendrecht mei 27-23 ferlern. De Gordyksters spilen lykwols in sterke partij en stienen ferrassend in grut part fan it duel op foarsprong. Nei in flotte 3-0 foarsprong stie de ploech fan coach Jan Sjoerd Pool by it skoft mei 15-14 foar, en earst nei sân minuten yn de twadde helte kaam PKC foar it earst foar. Fan 16-15 rûnen de Papendrechters flot út nei 16-21, mar LDODK kaam dochs werom oant ien punt: 22-23. Flak foar tiid wist PKC it duel yn har foardiel te beslissen.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK PKC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)