Lykspul foar fuotbalfroulju

16 nov 2013 - 15:16

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean wisten freedtejûn net te winnen fan PEC Zwolle. Yn Zwolle einige de wedstriid yn in 1-1 lykspul. Wa oars as topskoarster Vivianne Miedema sette de froulju fan trainster Jessica Torny op slach fan rêst op foarsprong.

Nei rêst op 'e nij folop kânsen foar de Feanfroulju, mar gjin treffers. Tsien minuten foar de ein wie it Zwolle dat it fizier wol op skerp hie en foar de lykmakker tekene. In grutte kâns fan Miedema krekt foar de ein gong mis, wêrtroch beide ploegen de punten diele moasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)