Fragen VVD oer kosten Occupy

De VVD yn Ljouwert wol fan B en W witte oft de plysje ek ekstra omtinken oan de Occupy-demonstranten yn 'e stêd jout en wa't dat eventueel betellet. De demonstranten steane sûnt novimber ferline jier mei in tintekamp op in grienstrook oan de Tesselschadestraat.
Neffens de VVD soargje se dêr foar oerlêst en ferniele se de grienstrook. De partij wol ek witte wa't dy skea betellet. De Occupy-ers demonstrearje mei har kamp tsjin de macht fan de banken.