Knegt fjirde yn finale 1500 m

Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Shorttracker Sjinkie Knegt is der sneon by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Kolomna net yn slagge in medalje te pakken op de 1500 meter. De Bantegeaster einige as fjirde. Yn de finale wist Knegt pas yn de lêste ronde op te klimmen nei de kop. Mar yn de slotmeters kaam er te koart om noch nei in poadiumplak te riden. De winst gong nei Amerikaan JR Celski.
Yn in nuvere heale finale gong de Rus Semen Elistratov ûnderút en naam dêrby Knegt mei yn syn fal. Knegt krabbele wer oerein en wist as twadde te finishjen.
It wie de twadde wrâldbekerwedstriid foar Knegt, dy't yn augustus operearre waard oan syn knibbel. Foarige wike pakte er ferrassend it brûns op de 1500 meter by syn rentreewedstriid yn Turijn.