Swan fêstferzen yn De Boarn

© Robertjan Boonstra)
Dûkers fan de Ljouwerter brânwacht ha woansdei by Aldeboarn in swan út it iis helle. Dy wie fêstferzen yn De Boarn. De dûkers binne ynskeakele om't de brânwacht fan Akkrum it iis te tin fûn om der op te gean.
Neffens omstanners siet de swan al de hiele middei fêst. De dûkers hiene it bist gau út it iis. It is meinaam troch de diere-ambulânse.