Mishanneling yn Drylts

16 nov 2013 - 11:39

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 25-jierrige ynwenner fan Drylts oppakt op fertinking fan mishanneling. De man sloech sûnder oanlieding in 22-jierrige man út Schagerbrug ferskate kearen yn it gesicht. Dat barde yn de Lytse Tsjerkestrjitte.

De man rekke ferwûne en moast yn it sikehûs behannele wurde. De fertochte waard troch hoarekapersoniel oanholden en oerdroegen oan de plysje. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
mishanneling Drylts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)