Nij iis bringt Flyers winst

15 nov 2013 - 23:38

De UNIS Flyers spilen freed op in hagelnije iisflier tsjin de Belgyske iishockeyers fan Herentals. Fia de perioadestannen 2-1, 1-0 en 4-0 waard in romme 7-1 oerwinning helle. Seis spilers skoarden, Tony Demelinne die dat twa kear. De ploech fan Chris Eimers hie earder dit seizoen twa kear ferlern fan Herentals. De Flyers steane foarearst op it tredde plak. Se moatte lykwols noch trije wedstriden ynhelje, om't se fanwege in kapotte kuolmasine net op Thialf spylje koenen. Sneon spylje de Flyers út tsjin Eindhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)