Michel Mulder tredde yn rekôr

Michel Mulder © awfoto.nl
Michel Mulder hat it nasjonale rekôr op de 500 meter oernommen fan Jan Smeekens. Yn Salt Lake City ried Mulder 34.26, goed foar it rekôr en it tredde plak. De ôfstân krige twa winners: Joji Kato fan Japan en de Kanadees Gilmore Junio, beide yn 34.25. Jan Smeekens waard 6e yn 34.36, fjouwerhûndertste boppe syn âlde toptiid. Ronald Mulder waard 11e yn 34.54 en Jesper Hospes 13e yn 34.56.