Leenstra net nei Astana

Marrit Leenstra yn aksje © ANP
Marrit Leenstra komt ein dizze moanne net yn aksje by de wrâldbekerwedstriden yn Astana. De reedrydster út Wikel hat de gryp. Hoewol't se al wol oan it werstellen is, komme de wedstriden foar har te betiid. Earder waard al dúdlik dat se dit wykein net meidocht oan de wedstriden yn Salt Like City. Dat wie neidat se ferline wike it toernoai yn Calgary nei de 1500 meter mei koarts ferliet. Op dy ôfstân waard se noch wol fjirde.