De Vries ynformateur Ljouwert

15 nov 2013 - 18:21

Professor Jouke de Vries fan de Universiteit fan Leiden sil as ynformateur de komst fan in nij kolleezje yn Ljouwert ûndersykje. De 53-jierrige De Vries is foardroegen troch de grutste partij, de PvdA. De fraksjefoarsitters fan de oare partijen binne unanym akkoart gien mei de foardracht fan De Vries.

Jouke de Vries is dekaan fan de Kampus Fakulteit Den Haach fan de Universiteit yn Leiden en heechlearaar Bestjoerskunde. De Vries studearre Politike Wittenskippen oan de Universiteit fan Amsterdam.

De Vries hat nau belutsen west by de komst fan de UCF, de Universitêre Campus Fryslân. Hy waard berne yn Dearsum. It is de bedoeling dat De Vries oer uterlik twa wike advisearret mei hokker partijen it bêste in nij kolleezje foarme wurde kin. Listlûker Henk Deinum hopet dat noch foar de krystfakânsje it nije kolleezje fan b. en w. presintearre wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)